Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Fantasy fuotbalspultsjes

De term fantasy fuotbal ferwiist meastentiids nei in spultsje wêr't do besikest te foarsizzen hokker spilers yn echte fuotbalteams it bêste prestearje sille. Do makkest in fantasy fuotbalploech, faak foar in spesifike kompetysje, kiest spilers út dy kompetysje en kombinearst se yn in eigen ploech, en dan fertsjinnest punten at dy spilers it goed dogge yn it echte libben.

In oantal populêre opsjes binne Telegraph Fantasy Football, Yahoo Fantasy Football en ESPN Fantasy Football. Spullen kinne regele wurde foar kompetysjes lykas de Premier League Fantasy Football, mar ek foar ynternasjonale kompetysjes, lykas yn it gefal fan World Cup Fantasy Football.

In fantasy fuotbalkompetysje folget de echte wrâld, at in spiler yn it echte libben blesseart rekket, kin hy gjin nije punten generearje foar de managers dy't him keazen hawwe, ensafuorthinne. Om suksesfol te wêzen, moatte jo in goeie fuotbals fantasyscout wêze, it nijs oer echte ploegen lêze om te witten hokker spielers yn foarm binne en wa kommende wedstriden misskien net spielje.

Is Hattrick in fantasy fuotbalspul?

Hattrick is fansels it bêste omskreaun as in fuotbalmanagemintspul, mar it is ek in wirklik fantasy fuotbalspul, yn 'e sin dat alle teams en spilers yn Hattrick fiktyf en unyk binne foar Hattrick. Teams wurde opsetten, neamd, en ûntwikkele troch echte brûkers en as jim stride yn Hattrick, wurde dyn besluten ôfset tsjin de strategyen fan oare echte managers. De seizoenen yn Hattrick binne net bûn oan it echte wrâldfuotbal, mar folgje har eigen ritme.

Yn Hattrick binne d'r gjin echte spilers, mar alle spilers binne dochs unyk, en sy binne it produkt fan ynvestearingen yn skouting en jeugdakademy troch minsklike managers yn it spul. Yn dizze sin is Hattrick in fantasy fuotbalspul, ien wêr't do helpe kinst om de spielwrâld te foarmjen.

Hattrick is in fergees managemintspul. It sil dy nea jild koste om dyn ploech te begjinnen of behâlden, en wy sille dy nea kosten berekkenje foar foardiel yn it spul. It is wol mooglik om dyn tagong op te wurdearjen troch in Hattrick Supporter te wurden, dat jout dy ekstra ark foar analyse, om dyn ploech oan te passen en om te gean mei oare managers.
 
Server 083